|
Welkom op de website van Wier |
Wierstervlag
Afgelopen vrijdag 16
maart is tijdens de jaarvergadering van de Doarpsrounte de Wierstervlag onthuld.
Hij is nu ook online te zien.
Wil je deze vlag ook bestellen stuur dan een mailtje na
info@wierfryslan.nl, onder vermelding van Wierstervlag.
De kosten bedragen € 35,00.
Er zijn ook stickers met het wapen van Wier te verkrijgen, leuk voor achterop de
auto. Deze kosten € 1,00
Het onstaan van de Wierstervlag..........
Flagge en wapen fan Wier
Yn it jier 1192 stichte
Skelte Lauta yn Wier Lautastate.De man wie haadling en hy mocht rjocht sprekke.
De man wie Rooms en boude hjir ek de tsjerke en de pastory foar de pastoar.
Tsjinoer de preekstoel wiene de oerkape banken foar de hearen van Lauta.Troch it
folk in bytsje ûnearbiedich moskeflap neamd.
Yn 1256 hat de Lautafamylje der mei foar soarge dat kleaster Anjum by Berltsum stichte waard. Se ha grutte stikken lân skonken oan dat kleaster, yn de ferûnderstelling dat de missen dy’t dêrom foar har lêzen waarden, har helpe soene yn it hjirneimels. Frede foar de siel yn alle ivichheid.
In lettere Skelte Lauta docht yn 1416 mei oan de Krústochten. En dan is der foar it earst sprake fan in wapen. De findeldrager rint mei it findel, dêr’t it wapen fan dizze famylje op stiet, foarop. Sa wit elk dy’t mei giet, wat syn eigen findel/wapen is dêr’t er by heart en folgje moat.
Fia de Fryske Ried foar
Heraldyk komt it prachtige wapen fan Lauta boppe wetter.
It is in grut blau fjild mei ien grutte giele liuw.
It blauwe fjild stiet foar de himel of miskien ek wol de see. De grutte liuw,
kening fan de dieren, stiet symboal foar de liuw fan Jericho en dat is Jezus.
Dat slút presys oan by de
Krústochten.
De Fryske Rie foar Heraldyk freget at it doarp ek niget hat oan in eigen
doarpsflagge en wapen en fertelt dat se ek flaggen ûntwerpe.
At bliken docht dat it ûntwerp fergees is, is Wier gau út de rie.
De Fryske Rie foar Heraldyk ûntwerpt spesjaal foar Wier:
It doarpswapen. Dat toant in blauwe achtergrûn, krekt as it âlde wapen fan Lauta mei in griene terp of wier. Yn it grien kin men de greiden werom fine. De twa weetieren, steane foar de lânbou en de liuwekop hâldt de herinnering libben oan it âlde geslacht Lauta.
De doarpsflagge hâldt deselde kleuren grien, giel en blau yn horizontale linen en de liuwekop fan Lauta.
Simy Sevenster
Het wapen van Wier
