Welkom op de website van Wier

update 7-3-2010                                                                                                                      home  |  e-mail                                                                              

                             Klik hier voor het archief van de oude foto's van Wier
 
                       Er zijn weer nieuwe foto's bijgevoegd.

                                                                            pagina 1                        pagina 2                                    pagina 3

Hieronder een bijdrage van Cees Nagel.                                                               

Om te begjinnen

Eartiids haw ik ús heit befrege oer de oarloch.
Wat hy
r oer loslitten hat wol ik besykje wer te jaan.

Us heit en mem kamen út Minnertsgea. Hja binne troud yn maaie 1941. Se kamen te wenjen yn Wier op nûmer 21 (letter Hegedyk 15) .
Heit woe in lytse buorkerij begjinne. D
êrom kocht er it hûs op nûmer 19 derby foar hok om er foer en strie foar de bisten yn op te slaan. De stege koe dan ek ferbrede wurde sa't hynder en wein der lâns koene.

Hy wie ekonomysk ûnmisber en krige dêrom in ausweis. Foarearst wie er frijsteld fan ferplicht arbeidzjen in Dútslân.

 
Op 13 augustus 1942 waard ik berne. Op 31 oktober 1943 ka
am myn broer Jappie derby

Cees, sawat 8 moanne âld.

 Hoe kaam men oan iten.

Yn Wier leefde men aardig mei inoar. De mienskip wie selsfersoargjend. De minsken ferbouden sels  ierappels, griente en fruit. Fleis kaam fan kei, skiep, geiten, bargen, hinnen  en knienen. Molke fan kei, geiten en skiep. Wat it iten oanbelanget, hawwe de Wiersters it net min hân.

Bôle
Der waard weet ferbouwd. Heit fertelde dat hy mei in weinfol sekken weet nei de mûne op it Hoekje fan de Koue
wei gong. Hy waard útbetelle yn sekken moal. Dy sekken moal waarden ôflevere by de bakker fuortby de brêge. En dy bakte der bôle fan foar it doarp.

Fleis
Buorman Noordenbos (nummer 23)  hie in flinke luif. Dêr waard sa nou en dan stikem in baarch slachte. Letter haw ik de p
innen yn ús skoarstien noch sjoen foar de hammen en de droege woarsten.

Wol
Mei de skiep gong it krekt gelyk. De wol moast
ynlevere wurde by de Dútsers. Mar sa no en dan waard der wat by wei holden. Op 'n dei gong ús heit mei de fytstassen fol mei skieppewol nei Minnertsgea, dêr't er in spinster koe. Bei de húskes tusken it Tolhûs en de Moaie Peal seach er de dútske grienen al stean. Dy hiene him ek sjoen. Dêrom koe er net werom. Dat soe opfalle. Hy waard oanholden en er waard in praatsje makke. It persoansbewiis wie yn oarder en doe mocht er wer fierder. Dit wie in hiel spannend barren, dat goed ôfrûn. Heit skriuwt it ta oan dat de Dútsers ek lytse boerkes wiene út East-Fryslân en wol begriepen wat der oan 'e hân wie. Hy hie gelok hân.

 De earste pear jier seach it der foar de lânbou net sa min út. De Dútsers kochten en betellen goed. Letter, sei heit, waard dat minder, doet se begûnen te moardzjen.

 Op 'e Mieden by Minnertsgea, fan Wier útsjoen efter it Aldmear, waard op in dei een razzia holden op ûnderdûkers. In pear minsken besochten te ûntkommen oer it Aldmear en hja ferskûlen harren efter ierappelbulten op 'e buotte (lân tusken de buottefeart en de feart by it heechhiem). De Dútsers  krigen harren yn 'e gaten en begûnen te sjitten. Heit en mem mei noch wat buorlju stienen efter hûs te sjen. De kûgels kletsten op 'e dakken fan de huzen efter harren. Letter begriepen se net dat se dêr gewoan stien hienen te sjen.

Ûnderdûker.
Op 'n dei moast Sjoerd Lautenbach  út Berltsum, wenjend by de Kamp, meitsje dat er út it sicht fan de Dútsers ka
am. Underweis nei Minnertsgea woe er foar de nacht plak ha. Troch ús heit waard hy ûnderbrocht yn het hok efter it hea. Dêr hat er ien of mear nachten ferskûle sitten.

Grave foar de Dútsers.
Op 't lêst fan
'e oarloch wiene de ausweisen ek gjin beskerming mear tsjin oppakt wurden en te wurk stelt wurden troch de Dútsers. Yn maart '44 hie ús heit noch by it fleanfjild tankgreppels en loopgraven grave moatten. Dat hie net lang duorre, fertelde hy.

Sels ûnderdûke.
Letter
yn 'e oarloch (1944) ferlearen de ausweissen harren wearde. Heit gong út it sicht fan de Dútsers. Yn 't bûthús wie ûnder de earste stâl in gat groeven. Dêrop leinen planken en dêrop holde de barch ta yn it strie. As lyts bern fan twa jier mocht ik op de dyk foar it hûs boartsje, auto's wiene der net en in sporadyske fietser of hynder en wein wiene gjin gefaar. As der unifoarmen oankamen moast ik daliks in 'e hûs komme; dêr wie ik bang foar makke. Ik ferskûle my dan efter de gerdinen en heit krûpte dan ûnder de bargestâl.

Lyk foar de befrijing.
Der gong en geroft. It wie begjin april ’45. De Dútsers woene
der fan troch. Se soene oer Berltsum, Wier en Minnertsgea nei Harns ta yn 'e nacht. It ûndergrûnske ferset út Berltsum soe de brêgen tichtsette. Sa barde it dat de Wierster brêge folset ward mei tûken, hikken en oare saken.
Om
't de Wiersters gjin heil mear seachen yn dizze aksje en benaud waarden dat út wraak en frustraasje de Dútsers it doarp plat sjitte soene, hawwe se de jûns de brêge wer frij makke.

Nachts trieken de Dútsers mei hynders en weinen en guon rinnend op fuotten troch Wier. Heit fertelde dat ik der wekker fan waard en begûn te roppen.   Heit stelde my gerêst mei it ferhaal dat Gerrit Jippes mei de strontkarre oan it dongjen wie. Mar dat leauwde ik net en woe it mei eigen eagen sjen. Hy holde my foar de rúten omheech en troch in kierke tusken de gerdinen koe ik de nacht ynsjen. Ik wie tefreden en gong doe rêstich sliepen.

De befrijing
In Berltsum gong
it praat dat de Canadezen al in Ljouwert wiene en dat de Dútsers harren al oerjûn hiene. De flagge op de toer. In Wier seachen se dat en gelyk sloech it oer. Mem mei de twa lytse jonkjes op en yn 'e bernewein nei Berltsum ta. Sy wie al by de Grifformearde tsjerke doe der minsken oandraven kamen mei it berjocht dat de Dútsers wer werom kamen en dat it gefaarlik wie. Mem hals oer kop wer op hûs ta.

De oare deis wie it dan dochs safier.



                                                                                

                                                                                                                       Durk Beintema +- 1939

                                                                                                                     Fam Beintema. Mei 1940.
                                                                                                                     Woonden toen wat nu Lautawei 10 is

                   
                                                                                                      vlnr: Durk, Piet, en Johannes Beintema +- 1940



                                                                             onderstaande foto's komen van Klaas Dusselaar uit Denemarken

                                                   

Wierster Merke zaterdag 2 juli 1977. ’s Ochtens 8 uur al aan het kaatsen, 10 uur Matinee bij Feike en Bet Prosje. Op de foto Gjalt van Schepen en Klaas Dusselaar.

 


                                                  

De kleuterschool van Juf Anneke de Vries in Minnertsga. Sinterklaasfeest december 1963. Kinderen uit Wier; o.a. Klaas Dusselaar, Gjalt van Schepen, Griet Mud en in de achtergrond Jantje Wassenaar. Moeders uit Wier; Tiene Mud, Hieke Dusselaar, Sjoukje Zijlstra, Jet Wassenaar en meer in de achtergrond Margje Groeneveld en Lis Rotsma.


                                                     

Zomer 1966. Bellen blazen bij de woning van de familie Rotsma aan de Streek. Mieneke en Dickie Rotsma en Klaas Dusselaar. De foto is gemaakt door Sieta Groeneveld.


                                         

                                                               De "Tonnekarre" van Wier. +- 1930

                                      
                                                                                         Kerk.+- 1950


                         
                                                                                     Bram en Gerrie Visser. +- 1965


                                   
                                                                         Achterkant "Oosterwalpleats" +- 1965


                     

                                                               Achterkant "Oosterwalpleats" met Gerrie Visser.+- 1965
 

                                                      

                                   Jongens PC 1935.vlnr: Piet Runia, Klaas Wasenaar en onbekend.(Wie het weet mag een mailtje sturen)

                               

                                                                              Klaas Wassenaar. +- 1940

             

                                                                                            Dansschool 1940-1941.
                                                                                            Bovenste rij 3e van links Bram Visser.
                                                                                            5e van links Aukje Runia-Faber

                                                                  Een bijdrage van D Beintema.

Cees Nagel skriuwt oer de oarlochsjierren yn Wier en skriuwt oer in razzia yn de omkriten fan Wier. Graach wol ik dêr wat mear oer fertelle, om’t twa fan myn bruorren it slachtoffer waarden fan dy razzia. De broers, Jehannes (18 jier) en Lieuwe (24 jier) binne doe oppakt.

De oanlieding:  Se woenen nei Berltsum op in freedtemiddei. It wie krekt foar de Krystdagen fan 1944. Se fertrouden it net om oer de dyk, wat wol it koartste paad wie. Se gongen nei de pleats fan Sevenster. Dêr lei altiid wol in boatsje yn de Aldmear. Ien dy’t dêr wenne sei tsjin har: “Se sizze dat der Dútsers yn de Mieden binne, mar ik haw neat sjoen”. Mar der wienen wol Dútsers, sa die letter wol bliken. Doe’t myn broers de Dútsers seagen, binne se oan de Wierster kant oan wâl gien, mei de bedoeling de Dútsers sa te ûntrinnen. Dat hie ek slagje kinnen as net samar ynienen de damp opluts en it helder waar waard. Der wie noch in oarsaak dat flechtsjen nuodlik en gefaarlik makke. Der lei oan de kant fan de Mieden in boatsje dat de Dútsers brûkten om oan de Wierster kant te kommen. Doe wie it op it iepen fjild  in spultsje fan ‘frij pik’ en wie it in ferlerne saak om te ûntkommen. Dat oerjaan wie it iennichste wat der foar har oerbleau.

It gefolch: In boer fan de Mieden waard troch de Dútsers twongen om mei hynder-en-wein har en noch in pear oaren dy’t ek oppakt wienen nei Sint Anne te bringen. (Yn de maresjesee- kazerne wie hienen de ‘Grünen’ har útfalsbasis en makken fan dêrút de hiele krite ûnfeilich)   It waard har tastien om by ús thús (no Lautawei 10) droege en skjinne klean op te heljen. Ik wie op dat stuit by ús foar hûs en ik sjoch se noch oankommen. Elk oan ‘e  kant fan de dyk mei in soldaat achter elk fan myn broers mei it gewear yn oanslach. Lieuwe sei tsjin mem: “Net gûle, want dan gnize de soldaten mem út. Dat dienen se in frou yn ‘e Mieden ek dy ’t gûlde om wat se seach”. Mem hat ek net gûld en hat foar beide ûnder tafersjoch fan de soldaten foar beide jonges skjinne en droege klean socht. 

Se binne nei Sint Anne oerbrocht. Twa dagen hawwe dêr yn de sel sitten en binne doe op earste krystdei mei noch oaren mei hynder-en-wein nei Ljouwert nei it Hûs fan Bewar brocht. Dêrmei hâlde foar it foar ús op wat der fierder mei harren barde. It waard foar ús in winter fan spanning en ûnsekerheid hoe’t it mei harren wêze soe en wêr’t se wienen. Wy wisten it net. 

Hoe gie it fierder: It nijs hjiroer waard ús net earder bekend bekend as nei har thúskomst yn april 1945. Se hawwe earst noch in wykmannich fêst sitten yn it Hûs fan Bewar yn Ljouwert.. Mids jannewaris binne se op transport steld nei in kamp yn Wilhelmshafen yn it noarden fan Dútslân. Dat wie in saneamd wurkkamp. Yn fergeliking mei in hiel soad oare kampen miskien net ien fan de minsten, mar de namme ‘bêst’ soe te folle eare wêze. Te min iten en te min waarmte mar te folle oan ûngedierte oan de lea.

De befrijing: Yn april 1945 binne troch bemiddeling fan it Sweedske Reade Krús 600 gefangenen frij litten. Yn in trein binne se oerbrocht nei Embden. It oarspronkelike plan wie om mei in skip oerbrocht te wurden fan Wilhelshafen nei Embden.  Dizze boat soe net oankomme moatte, sa wie de opset fan de kamplieding, mar soe op see bombardearre wurde…. Om’t it Sweedske Reade Krús derby belutsen wie, is dizze kweade opset net troch gien. Mar it behindere in hege Dútser net om te sizzen dat tusken Embden en Delfsyl ek noch genôch wetter wie….

Yn Delfsyl binne se wosken en frij makke fan ûngedierte. Yn de doarpen dêr omhinne binne se by minsken ûnderbrocht. Myn broers wiene by in famylje yn Spijk. Fryslân wie befrijd (15 april) mar yn Grinslân waard noch fochten. Ik wit net oft it by ús doe al bekend wie dat de jonges yn Grinslân frij wienen. Ien út Seisbierrum hat it seker al witten, want dy is mei in auto dy’t er de hiele oarloch troch altiid foar de Dútsers ferburgen hâlden hie, nei it noarden fan Grins riden en hat syn soan ophelle. Op de fraach oft der mear dy kant út moasten koene myn broers JA sizze. Har reisgenoat hat de gefolgen fan it kamplibben net trochstean kinnen. Yn de simmer fan 1945 is der fan swakkens en útputting stoarn.     

Op in sneon-op-snein-tenacht binne se yn Wier oankommen. (Dat sil 19 april west hawwe).

Dat hat in wûndere nacht west. De spanning foel fuort en blidens kaam der foar yn it plak.

Yn jannewaris binne se nei Dútslan brocht as sûne en sterke jonge mannen. Trije moanne kamplibben ha makke dat se meager en ferswakt wer thús kamen. It hat de hiele simmer fan 1945 duorre om wer op ferhaal te kommen en de gewoane deistige saken fan wurk en bestean wer op te pakken.

Yn 1951 is Johannes fanút Wier mei frrou en twa bern emigreard nei Canada. Yn 1972 is der mei de auto yn is sniestoarm ferûngelokke. Lieuwe (no 88 jier) wennet yn Zeist. Fan him haw ik de nedige ynformaasje krigen.    

No’t ik lies oer de razzia yn Wier like t my in goede saak ta om ien en oar op papier te setten en troch te jaan oan belangstellenden.
Lieuwe Beintema en Akke Wijnsma januari 1946

 


                                             

Merke 1984
 
Wierster kinderen die met hulp van Simy Sevenster zelf een toneelstuk hadden gemaakt.
Oa: Gosling Visser, Bram Visser, Tineke Meijer, Geale Sevenster, Crista de Vries, Monica Runia ,Margaret Zuidema en Eeke Groeneveld.

                         

Merke 1984
 
Wierster kinderen die met hulp van Simy Sevenster zelf een toneelstuk hadden gemaakt.
Oa: Gosling Visser, Bram Visser, Tineke Meijer, Geale Sevenster, Crista de Vries, Monica Runia ,Margaret Zuidema en Eeke Groeneveld.

                         

Kinderen van Wier 1986
 
Oa: Alletta Groeneveld. Janneke Runia, Janneke ?, Tineke Groendyk, Klasina Groeneveld, Yde Jan Groendyk, Gabe Sytema en Gerrit Jan Visser.

                       

Oud papier ophalen eind 1986
vlnr:Ronald Visser, Geale Sevenster, Gerrit Jan Visser, Johan Zuiderhof, Gosling Visser en Bram Visser
 

Winter 1990.
Prikslee en schaatswedstrijd op de "Opfea(r)t.


                                                                        Aafke Groendyk en Saakje Visser in actie.

               



                                 
                                         Wietske Runia en Rienk Jan Mud in de koek en zopie tent.


                                                                                 Erik Dekker met het naambord.

 


 

Toneelstuk "Om it libben fan Lyfke" januari 1990
Vlnr: Harm Haagsma, Gerrie Visser, Atty Hofman en Feike Wiersma.

 


Saakje Visser en Gerrie Visser


vlnr: Harm Haagsma, Gerrie Visser en Feike Wiersma



                                                           Gerrie Visser


Matinee Merke 1990.
vlnr: Yde Zijlstra, Feike Wiersma en Jaap Visser

July 1989.
Gerrit Jan Visser en Durk Zuiderhof waren aan het poffertjes bakken. Geale Sevenster was hun beste klant.